Man pakt mei stroomstjitwapen

09 maaie 2008 - 10:04

De plysje hat freedtemoarn in man (25) oanhâlden yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert. Tsjûgen hiene om seis oere hinne it lûd fan in stroomstjitwapen heard en oanslutend de plysje warskôge.

Dy seach de fertochte dy't noch besocht it wapen te ferstopjen. Hy is meinaam nei it buro op fertinking fan ferbean wapenbesit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)