Sc Hearrenfean wint fan NAC

08 maaie 2008 - 20:39

De Sportclub Hearrenfean hat de earste wedstriid tsjin NAC Breda mei as ynset dielname oan de UEFA Cup mei 2-0 wûn. Beide doelpunten waarden let yn de twadde helte makke troch de Brazyljaanske spits Paulo Henrique.

De thúsploech hie it dreech. Der waard yn in te leech tempo spile en yn de kombinaasjes gong in protte ferkeard. NAC wie tefreden mei 0-0, mar krige oant de 75ste minút wol de bêste kânsen. Pinkstermoandei kin de ploech fan trainer Verbeek dien wurk meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)