Nije spilers foar Aris

08 maaie 2008 - 20:11

Basketbalclub Aris fan Ljouwert hat twa nije spilers oanlutsen. It giet om Bob_van_den_Enden en Patrick_Frimpong. Beide spilers komme fan lânskampioen Eiffel_Towers Den_Bosch. Mei dy club wurkje de Ljouwerters gear by it oplieden fan spilers.

De 18-jierrige Van_den_Enden wurdt sjoen as ien fan de grutste basketbaltalinten fan Nederlân. De seleksje fan Aris is noch lang net klear. Sa siket de club noch acht nije spilers en ek noch in nije trainer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)