Rekord tal oeren sinne

08 maaie 2008 - 17:41

Dizze moanne liket op in rekord ôf te gean wat it tal oeren sinne oanbelanget. Noch noait wie der safolle sinne yn de earste wiken fan maaie, sa meldt it KNMI. De betide waarmte smyt in soad wille op.

It moaie waar komt op in goed momint, want de skoallen hawwe twa wike fakânsje en ek in soad oare minksen profitearje fan in tal 'ferplichte' frije dagen yn dizze perioade, te witten Keninginnedei, Himelfeartsdei en de Pinksterdagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)