Moddergat heart yn kanon

08 maaie 2008 - 17:09

As der in kanon komt oer de wetterskiednis fan Nederlân, dan moat de ramp fan Moddergat dêr in plak yn krije. Dat seit de direkteur fan it Fiskershúske yn Moddergat, Inno Dragt. By de ramp fan Moddergat kamen in soad fiskers út it doarp om it libben. De Ofslútdyk moat der ek yn, sa fynt er.

Tongersdei waard bekend dat Steatssiktaris Tineke Huizinga in kanon oer wetterskiednis meitsje lit. De wettersneedramp yn Seelân fan 1953 liket bygelyks in punt dat weromkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)