De Jouwer werom nei 1628

De Jouwer giet werom nei 1628 (foto Martin de Jong)
De Jouwer giet oer fjirtjin dagen werom nei it jier 1628. Op 24 maaie stiet it doarp folslein yn it teken fan dat jier. Foaral de rjochtspraak út dy tiid stiet sintraal.
Yn de Jouster toer wurdt in rjochtsaak neispile út dy tiid, de winkelstrjitte is feroare yn in strjitte út de gouden ieu en bern kinne âlde spultsjes dwaan. It inisjatyf fan it histoarysk spektakel komt fan it museum fan De Jouwer. De gemeente Skarsterlân jout finansjele stipe oan it evenemint.