Miniatuerpark nei Stadskanaal

Appelskea rekket miniatuerpark kwyt
It miniatuerpark Appelskea ferhuzet definityf nei Stadskanaal. De gemeente hat it park kocht om mear toeristen te lûken. Yn it miniatuerpark binne gebouwen en lânskippen yn Fryslân, Grinslân en Drinte te sjen. De eigner woe ophâlde mei de eksploitaasje en sette it dêrom te keap.
It miniatuerpark wurdt mei alle miniatueren, treinen en oare saken oerpleatst nei Stadskanaal. It is de bedoeling dat it noch fierder útwreide wurdt.