Earliker molkpriis troch fúzje

Grutte kâns op hegere molkpriis
De kâns is grut dat de fúzje fan Friesland_Foods en Campina foar in bettere molkpriis soarget. Dat seit LTO Noard. De lânbou-organisaasje sjocht de komst fan suvelûndernimming Friesland_Campina as in ferbettering.
Friesland_Campina sil no in prestaasjemolkpriis brûke, wylst Friesland_Foods earst allinnich mar seach nei fiif oare fabriken en net nei wat de merk docht. Dêrtroch wurdt de priis neffens LTO Noard yn elk gefal earliker bepaald.