Skylger klimmers nei Alaska

08 maaie 2008 - 10:24

De 57-jierrige Jetze_de_Beer en de 50- jierrige Frans_Tersmette fan Skylge sille snein nei Alaska om dêr de top fan de Mount_McKinley te beklimmen. Beide eilanners hawwe earder al de Kilimanjaro en de Aconcagua betwongen.

De klimmers hawwe dit kear in goed doel ferbûn oan ´e reis. Se wolle jild ynsammelje foar de Stichting Kinderen Tsjernobyl Terschelling. Dy hellet elke twa jier in groep bern út Wyt-Ruslân nei Skylge om dêr eefkes by te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)