Soad stipe foar suvelfúzje

© Omrop Fryslân
In grutte mearderheid fan de leden fan Friesland_Foods hat woansdei ynstimd mei de fúzje mei Campina. By Campina wie de lederied sels unanym foar. De fúzje tusken de koöperaasjes is dêrmei in stik tichterby kaam, mar noch net útiten.
Foar de fúzje is ek tastimming nedich fan 'e Europeeske Kommisje. Dy beslút fan ´t hjerst. Oant dy tiid gean Friesland_Foods en Campina troch as selstannige bedriuwen. De tariedings op de fúzje gean wol troch.