Verburg moat opheldering jaan

Minister Verburg fan lânbou moat binnen 24 oeren dúdlikens jaan oer eventuele misstannen by Friesland Vlees. Dat seit CDA-partijgenoat en lânbouspesjalist Joop_Atsma.
Al in tal wiken gean der ferhalen dat der in soad mis wêze soe by de slachterij, mei as gefolch dat klanten fuortbliuwe en Friesland_Vlees ynkoarten ticht moat. Atsma wol witte oft der echt siik en wrak fee oanfierd en ferwurke is. By ekstra kontrôles binne gjin missstannen ûntdutsen.