Boeren moatte útsjen by meanen

07 maaie 2008 - 16:34

Boeren dy´t wer oan it meanen slaan mei it moaie waar, moatte goed oppasse foar ljippen en skriezen yn it fjild. Dy binne noch oan it brieden en sitte dus noch yn it gers. De provinsje en it Bûn_fan_Fryske_Fûgelwachten freget yn in kampanje ekstra omtinken foar de fûgels. De krekt útbrette pykjes kinne faak net sa gau fuortkomme as de meanmasine deroan komt.

Boeren soene benammen net nachts meane moatte en ek oerdeis goed oppasse oft se gjin fûgels sjogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)