Ferwûne man nei UMCG

07 maaie 2008 - 16:19

De man dy´t tiisdeitejûn swierferwûne rekke nei in achterfolging fan trije jonges is mei harsenletsel oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Neffens syn frou siet de man jonges oan dy´t foar opskuor soargen op ´e galerij fan syn flat oan de HBS-strjitte. De man is mooglik mishannele, mar dat is net wis.

De plysje siket tsjûgen dy´t witte wat der tiisdeitejûn om 23.15 oere krekt bard is. Minsken dy´t mear witte, kinne belje mei it nûmer 0900 - 8844 of by Meld Misdaad Anoniem: 0800-7000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)