Gjin granaten fûn by Hieslum

07 maaie 2008 - 15:31

Der binne gjin eksplosiven fûn by it spoar by Hieslum. Wol leine der stikjes fan granaten. Yn de Twadde Wrâldoarloch liet it ferset dêr in Dútske munysjetrein ûntspoare. It ôfrûne wykein is socht nei eksplosiven dy´t mooglik by it spoar lizzen bleaun binne. Twa jier ferlyn waarden der noch seis granaten fûn.

Der is 50 meter grûn ôfgroeven en in trajekt fan sa´n 3 kilometer is mei detektors ûndersocht. Eksperts tinke dat der gjin eksplosiven mear lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)