Stimdei oer suvelfúzje

De regiobestjoerders fan suvelkonsern Friesland_Foods stimme woansdeitemiddei oer de fúzje mei Campina. Dat bart op de algemiene ledegearkomste yn Frederiksoord. De ferwachting is dat in mearderheid foar de fúzje stimme sil.
Troch de fúzje ûntstiet it grutste suvelkonsern fan Nederlân. Friesland-Campina krijt it haadkantoar yn Amersfoort. It nije suvelbedriuw ferwurket mear as 8 miljard kilo molke yn it jier.