Eelke van der Wal hâldt op

© Omrop Fryslân
Eelke_van_der_Wal fan Holwert hâldt op mei hurdfytsen. Hy hie dit jier as doel him as baanhurdfytser te pleatsen foar de Olympyske Spullen. No´t dat net slagge is, wol er him mear rjochtsje op syn maatskiplike karriêre.
Van_der_Wal hat yn oerlis mei syn ploech Krolstone besletten dit seizoen op ´e dyk net mear ôf te meitsjen. Van_der_Wal wie earder twa jier prof by de Bankgiroloterij en Shimano.