Drachtster mishannele by flat

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan de swiere mishanneling fan in Drachtster. De man (55) is woansdeitejûn troch trije jonges mishannele yn de HBS-strjitte. Doe´t de plysje oankaam wie it slachtoffer krekt wer by, hy wist net wat der bard wie.
Neffens syn frou hie hy achter in pear jonges oansitten dy´t ferfelend dienen op de galerij fan syn flat. De jonges binne útnaaid. It slachtoffer is mei ferwûnings nei it sikehús brocht.