Tsjûgen mishanneling socht

07 maaie 2008 - 09:59

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling fan in Rotsterhaulster. De man (19) rûn yn de nacht fan snein op moandei om 4 oere fan ´e feesttinte nei syn fyts, doe´t er fan achteren delslein waard. Op ´e grûn waard er troch trije manlju yn syn liif en tsjin syn rêch slein en skopt.

Omstanners grypten yn en hawwe de man nei de EHBO-post yn de tinte en letter nei in dokter brocht. De trije manlju binne útnaaid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)