Sibon selektearre troch Foppe

Sibon is selektearre troch Foppe (foto: Martin de Jong)
Hearrenfeanspiler Gerald_Sibon is opnaam yn de foarriedige seleksje fan it Olympysk alvetal. Bûnscoach Foppe de Haan hat 4 dispensaasjespilers selektearre, wêrûnder Sibon. De oaren binne Roy Makaay fan Feyenoord en de ferdigeners Edson Braafheid en Rob Wielaert fan FC Twente. Fan de fjouwer bliuwe trije oer.
De Haan hat ek de Feanspilers Calvin Jong-a-Pin, Gianni_Zuiverloon, Geert Arend Roorda, Roy_Beerens en de oan NEC ferhierde Jeroen Drost selekteard.