Warkumer drugssmokkeler

06 maaie 2008 - 15:49

Warkumer Klaas H. (41) is neffens de Frânske justysje de belangrykste fertochte yn in drugssmokkelsaak. De Warkumer sjauffeur dy't al earder yn Denemarken fêst sitten hat foar hannel yn drugs, soe diel útmeitsje fan in grutte drugsbende. Ek de Harnzer Klaas Jan Bolt soe derby hearre.

De bende smokkele tusken 2001 en 2005 tonnen Marrokaanske hasj troch heel Europa. Klaas H. soe alle nammen fan de meifertochten no oan de Frânske justysje jûn ha foar minder straf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)