Fryske boeren werom út Poalen

© Omrop Fryslân
Mear as de helte fan de agraryske ûndernimmers dy't nei Poalen giet om in bedriuw op te setten, komt teloarsteld en blut werom. Dat docht bliken út sifers fan it Poalen Ynformaasje- en Bemiddelingssintrum.
Foaral ûndernimmers dy't fanút Nederlân besykje in bedriuw yn Poalen te runnen, hawwe problemen. Soks soe benammen te krijen hawwe mei taal- en kultuerferskillen