Mienskiplike stroom sikehuzen

Sikehuzen frette enerzjy
Alle Fryske sikehuzen keapje fan dizze moanne ôf mienskiplik enerzjy yn. In spesjaal ynkeaptiim sil de enerzjymerk yn de gaten hâlde foar it Medysk Sintrum Ljouwert, it Antoniussikehûs yn Snits, Soarchgroep Pasana Dokkum, De Tjongerskâns op It Hearrenfean, Nij Smellinghe yn Drachten en de âldereinsoarch fan Noorderbreedte.
De sikehuzen brûke mei inoar in soad stroom en gas en merke it dus fuortendaliks yn de beurs at de prizen omheech geane.