Mear spantsjes skriezen teld

06 maaie 2008 - 12:27

De skriezepopulaasje yn Fryslân liket him wat te werstellen. Foar it earst sûnt jierren binne der mear spantsjes teld dy't ergens delstrutsen binne. Benammen yn de omkriten fan Aldeboarn binne mear skriezen sjoen. Dat der mear spantsjes sjoen binne seit net dat se ek aaien lizze sille. Dat hinget wer fan it waar ôf.

De ôfrûne jierren hat de oerheid miljoenen stutsen yn maatregels om de skriezepopulaasje te beskermjen. Sa krije boeren fergoedings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)