Mei begelieding bûten boartsje

© Omrop Fryslân
Bern yn Snits kinne freedtemiddeis bûtendoar boartsje ûnder begelieding. It wolwêzenswurk fan 'e gemeente hâldt dan in saneamd Buitenkids-oerke. It is bedoeld foar bern fan seis oant acht jier. Yn itselde oerke is der ek al gymnastyk foar de bern foar fjouwer en fiif jier.
De direkte organisaasje leit by it Doecentrum MC Full House. It boartersoerke is yn 'e wyk Lemmerwei- East, yn 'e Goaiïngarypstrjitte.