Boek oer Drylts yn de oarloch

© Omrop Fryslân
It libben yn Drylts yn de Twadde Wrâldoarloch is no beskreaun yn in boek, skreaun troch Dryltster Edsko Hekman. It boek giet ûnder oare oer de help oan Joadske ûnderdûkers en it ferset yn Drylts. It earste boek waard op Befrijingsdei útrikt oan Albert Speijer, soan fan Joadske ûnderdûkers yn Drylts.
De presintaasje fan it boek wie tagelyk de start fan in eksposysje oer de oarlochsjierren in Drylts.