Ride op LPG populêrder

Ride op LPG wurdt hieltyd populêrder
Ride op LPG wurdt hieltyd populêrder. Dat komt benammen troch de hege prizen fan disel en benzine. De hege brânstofprizen binne in seine foar Fryske bedriuwen dy't har dwaande hâlde mei de ynbou fan LPG-ynstallaasjes yn auto's.
De ynboubedriuwen wurken al langer mei wachtlist, mar yn ferliking mei ferline jier binne dy no twa kear sa lang. It riden op autogas kin út, at minsken 15.000 oant 20.000 kilometer yn it jier ride.