Zonderland betiid yn aksje

05 maaie 2008 - 11:29

Turner Herre Zonderland komt tongersdei al betiid yn aksje op it Europeesk kampioenskip yn Lausanne. Nederlân is yndield yn de earste groep. Dat betsjut dat se al om tsien oere moarns turnje moatte.

In betide groep wurdt by de turners as ûngeunstich sjoen. Benammen omdat tocht wurdt dat sjueryleden moarns minder hege wurdearrings jouwe, omdat in soad toppers letter noch yn aksje komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)