Himpkwekerij yn Jobbegea

05 maaie 2008 - 10:48

Oan de Jelle van Damwei yn Jobbegea is snein in himpkwekerij ûntdutsen troch de plysje. Yn in skuorre achter in wenhûs stiene mei inoar 82 planten.

De apparatuer en de planten binne yn beslach nommen en ferneatige. De plysje moat noch útsykje wa't de eigner is fan de wenning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)