Fytsen fernield op It Amelân
Op It Amelân binne fan it wykein tritich fytsen fernield. De fytsen stiene parkeard op ferskate plakken yn Buren. Der waarden bannen lekstutsen en fentilen fernield.
De eigners, wêrûnder inkelde fytseferhierders, ha oanjefte dien. De plysje docht fierder ûndersyk nei de fernielings.