Brânstifting yn eigen hûs
In 29-jierrige Grouster is sneintejûn oanholden foar brânstifting yn syn eigen hûs. Op de boppeferdjipping fan syn wenning oan de Kanaalstrjitte wie in brantsje oanstutsen. De brânwacht hat it fjoer útmakke.
De Grouster stie bûten op strjitte en is oanholden op fertinking fan brânstifting.