Efterfolging om autogurdel

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige frou fan De Lemmer moast sneontemiddei klemriden wurde troch de plysje om har te wizen op it net dragen fan de autogurdel. De plysje seach dat se gjin gurdel om hie en joech oan dat se stoppe moast, mar dat die se net.
Se ried fuort en nei in efterfolging koe de plysje har klemride yn de Strjitwei. De frou moast nei it buro dêr't ek nochris har rydbewiis ynnaam waard. Se hie 82 km yn de oere riden dêr't se mar 30 mocht.