Fernielings yn Makkum

© Omrop Fryslân
Yn Makkum is tusken woansdeitemoarn en sneontemoarn ynbrutsen yn in klubgebou oan de Klipperstrjitte. Dêrfoar binne in tal ruten forsearre. Yn it gebou is in brânblusser leechspuiten en binne der kofjepotten en tl-lampen fernield.
Ek binne der mei spuitbussen teksten op it gebou kalke. In 45-jierrige Makkumer hat oanjefte dien fan de fernielings.