Boeren Nij Beets wurde holpen

04 maaie 2008 - 14:26

De boeren yn Nij_Beets dy´t no einen omride moatte trochdat it wurk oan it Polderhoofdkanaal stilset is, wurde sa gau as mooglik holpen. Dizze wike noch wol de gemeente om tafel mei de beswiermakkers.

Dy ha der troch de rjochter foar soarge dat der net mear oan de weriepening fan it kanaal wurke wurdt. Dat hat boargemaster Ravestein fan Opsterlân tasein neidat se sneon in petysje fan de boeren krige. Boeren moatte bytiden wol acht kilometer omride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)