Roas mei evangelyske boadskip

04 maaie 2008 - 12:45

Ynwenners fan Drachten waarden sneon yn de blomkes set. Mear as 600 jongeren dielden yn de stêd roazen út mei in evangelyske boadskip. De aksje wie in ûnderdiel fan in yntertsjerklik jongereinwykein dat troch de Betheltsjerke organisearre waard.

It grutste part fan de roaze-útdielers kaam út it Noarden, mar der wiene ek jongeren út België by. De Betheltsjerke organisearret al sa'n tsien jier wykeinen foar de jongerein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)