Betinkingsflecht F16's

F16's makken snein betinkingsflecht
F16's fan de fleanbasis Ljouwert ha snein in betinkingsflecht foar alle sneuvele piloaten makke boppe de fleanbasis fan Soesterberg. De fleantugen gongen oan de ein fan de moarn fuort út Ljouwert en kamen om it middeisoere hinne werom op de Ljouwerter fleanbasis.
De fleantugen fleagene snein boppe it monumint yn Soesterberg yn in missing-man formaasje. Dêrby ferliet ien fan de F16's de formaasje as symboal foar de slachtoffers.