Gjin sirenes op befrijingsdei

04 maaie 2008 - 10:27

Der binne moandei om tolve oere gjin sirenes te hearren yn it lân. Gewoanwei wurde de sirenes alle earste moandeis fan 'e moanne testen, mar om't it moandei befrijingsdei is, bliuwt it stil.

Neffens it ministearje fan Ynlânske Saken wurdt der net testen op in nasjonale feestdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)