Krâns foar Poortema

© Omrop Fryslân
By de deadebetinking yn Drylts sneintejûn leit de gemeente Wymbritseradiel in krâns del by it grêf fan de omkommen militêr Aldert Poortema. Poortema sneuvele begjin jannewaris by in fjoergefjocht yn Afganistan.
Neist de krânslizzing rinne de besikers fan de deadebetinking by it grêf fan de militêr del. Boargemaster Reitsma fan Wymbritseradiel jout yn syn taspraak ek noch omtinken oan 'e militêr.