Eksplosiven sykje by Hieslum

03 maaie 2008 - 17:33

Dit wykein wurdt by Hieslum socht nei eksplosiven by it spoar del. Omdat der wurke wurdt oan it spoar, ride der gjin treinen. Dêrom kin socht wurde nei granaten út de oarloch dy't noch lizzen bleaun binne.

Yn de Twadde Wrâldoarloch liet it ferset dêr in Dútske munysjetrein ûntspoare. De trein ûntplofte dêrnei, mar net alle granaten binnen ûntploft. Dêrom wurdt it wurk oan it spoar by Hieslum hiel hoeden útfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)