Protest tsjin omriden Nij Beets

It wurk leit stil, bewenners moatte omride
Buertbewenners fan it sudergemaal yn Nij Beets hawwe har nocht. Se moatte al moannenlang kilometers omride. Sûnt de rjochter it wurk oan it Polderhoofdkanaal stillein hat, is de trijesprong blokkearre en kin der gjin ferkear mear del ride.
Mei it oanbieden fan in petysje hoopje de bewenners dat de gemeente der gong efter set om de trijesprong wer iepen te stellen.