ONS wint fan Staphorst

03 maaie 2008 - 16:49

Sneonshaadklasser ONS Snits hat op it eigen fjild mei 2-1 wûn fan Staphorst. Mei in frije traap yn de 34ste minút fan de earste helte iepene Jan van der Wal de skoare. Yn de twadde helte makke Staphorst de lykmakker.

Uteinlik wie it Hung Pham dy't soarge foar de 2-1 oerwinning foar de Snitsers. Troch dy oerwinning bliuwt ONS op it belangrike tredde plak stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)