Dei fan alvestêdetochten

It wie sneon de dei fan de alvestêdetochten. De oldtimers berêde de tocht yn ien dei, mar kuierders en roeiers hawwe langer wurk. De kuierders rûnen sneon fan Dokkum nei de finish yn Ljouwert. Se hawwe de ôfrûne fiif dagen oer it algemien goede omstannichheden hân.
De roeiers kamen sneon ek oan. Se binne oan ien tried wei trochfearn fan freedtenacht 12 oere ôf. Ploegen losten elkoar ôf. Maksimaal tolve dielnimmers de boat koene meidwaan.