Ynbraak yn Earnewâld
Yn de nacht fan tongersdei op freed is ynbrutsen by in bedriuw oan de Koaidyk yn Earnewâld. De ynbrekkers ha in rút forseard en binne sa it bedriuw ynkaam. De klûs mei dêryn in lyts jildbedrach en postsegels waard meinaam.
Freedtemoarn waard de klûs by Sint Nyk werom fûn. De technyske resjerzje docht in spoare-ûndersyk.