Frachtwein ferliest oplizzer
In frachtwein hat freed yn Ljouwert syn oplizzer ferlern. Dêrtroch wiene twa rydbanen oardel oere stremd.
De frachtwein ferlear de oplizzer by de stopljochten by de Henri Dunantweg. Hy hat nei alle gedachten net goed fêst sitten. In kraan moast de oanhinger optille en op in oare truck pleatse.