Dúnbrân op It Amelân falt ta
Op It Amelân hat sneon brân west yn de dunen by Ballum. De brân is ûntstien neidat trije jonkjes mei fjoer boarte hiene.
De beide brânwachtkorpsen fan it eilân binne útrukt om de brân te blussen. De brânwacht koe goed by de brân komme en om't it net waaide wie de brân gau ûnder kontrôle.