Jan Wagenaar sterkste man
Jan Wagenaar út Skearnegoutum mei him de sterkste man fan Noard-Nederlân neame. 22 manlju diene freed mei oan it kampioenskip.
Wagenaar hat net ien ûnderdiel wûn, mar waard hieltyd twadde, dêrmei behelle hy de measte punten. Yn juny mei hy, tegearre mei Arno Louwsma meidwaan oan 'de Sterkste man van Nederland'.