HT-sloepen fluch op Skylge

02 maaie 2008 - 14:35

Nei goed 3,5 oere roeien binne de dielnimmende sloepen oan de 34e roeirace fan Harns nei Skylge oankommen yn de Skylger baai. De fluchste kaam al binnen nei krekt wat mear as trije oeren en dêrmei binne se like fluch as ferline jier. De sloep Mercator wie as earste op Skylge.

De roeiers wiene moarns al om healwei achten begûn en dat wie folle betider as oare jierren. De start wie sa betiid omdat se mei heech wetter troch it saneamde Schuitegat moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)