Omrin: soad wurk fan frijmerk

02 maaie 2008 - 12:00

Meiwurkers fan Omrin ha dit jier folle mear wurk hân fan it oprêden fan de smoargens nei Keninginnedei en de blomkemerk. Yn Ljouwert is folle mear guod op de dyk fûn as oars.

Der lei in soad glês, papier en plastik. Oare jierren bleau fral grutter guod achter. Ferline jier wiene de meiwurkers fan Omrin om ien oere nachts klear, dit jier pas nei healwei fjouweren. Ek nei de blomkemerk bleau in soad smoargens lizzen. Dat is no wer fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)