Jildpine Voedselbank Ljouwert

02 maaie 2008 - 11:55

De Voedselbank yn Ljouwert hat driuwend ekstra jild nedich. Oars kinne minsken mei in smelle beurs yn ´e takomst net mear goed holpen wurde. Dat komt omdat de helpynstelling ferwachtet dat der it kommende jier in soad ekstra klanten bykomme sille. De easken om fan de bank gebrûk te meitsjen wurde nammentlik ferromme.

No is it noch sa dat minsken de help fan de Voedselbank ynroppe kinne as se 150 euro of minder te besteegjen hawwe foar iten en klean. Dat wurdt 165 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)