30 april topdei foar Omrop

Goed 250.000 Friezen hawwe woansdei de besite fan Keninginne_Beatrix folge op Omrop_Fryslân_Televyzje. De measte minsken hawwe foaral sjoen nei de eigen programma´s dy´t de omrop makke oer de besite fan de Keninklike famylje. Dat gie om de foarskôging yn Makkum en it ôfslutend programma yn Frjentsjer.
Mei in deiberik fan hast 43% wie Keninginnedei in topdei foar Omrop_Fryslân. De website fan ´e omrop hie folle mear besikers as oars.