Ynteresse foar Cambuurspilers

Der binne ferskate clubs dy´t harren by Cambuur meld ha foar Marc_Mboua en Kasali_Yinka_Casal. Foar de Kameroenees Mboua is it hiele jier al ynteresse, út binnen- en bûtenlân. De Nigeriaan Casal kin nei in club út de Italjaanske Serie A, mar der is ek belangstelling út Poalen en Hongarije.
Ek foar Rick_Hooijboer (Haarlem) en twadde keeper Ale_Geert_de_Vries (AGOVV) is ynteresse. Sy wurde takom jier mooglik ferhierd oan de clubs út de Jupiler_League.